Oarsaak ûngelok net dúdlik

19 mrt 2014 - 11:38

De oarsaak fan it ûngelok tiisdei by swimbad en sportskoalle Ebert op It Hearrenfean is ien grut mystearje. Tsien bern en trije folwoeksenen krigen ûnder de swimles problemen mei it sykheljen troch in frjemde lucht en rekken nei it sikehûs. De brânwacht hat mjittings dien en koe neat fine en in monteur koe gjin mankemint yn de gloarynstallaasje ûntdekke. De arbeidsynspeksje, gemeentlike en provinsjale tafersjochhâlders dogge woansdei ûndersyk. De eigener fan de sportskoalle ferfangt foar de wissichheid de hiele ynstallaasje.

Noch 2 bern en 3 folwoeksenen lizze yn it sikehûs op It Hearrenfean. It swimbad wol takom wykein wer iepen. De gemeente wachtet foarearst de útslach fan it ûndersyk fan 'e arbeidsynspeksje ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)