Oarsaak stroomsteuring bekend

18 mrt 2011 - 15:59

Koartsluting is de reden fan de stroomsteuring fan woansdeitemoarn yn Ljouwert. Dat hat Tennet bekend makke. De koartsluting is ûntstien yn in kabel tusken Hjerbeam en Ljouwert, wêrtroch is net bekend. Tennet tinkt dêr ek net mear achter te kommen.

Troch de koartsluting foelen by Ljouwert twa transformatoaren út. Omdat der gjin skea wie, koe de stroom nei in kontrôle wer op de kabel set wurde. Dêrtroch siet Ljouwert mar in pear oeren sûnder elektrisiteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)