Oarsaak salmonella Wielen fûn

31 aug 2007 - 21:22

De salmonella-besmetting fan de Grutte Wielen by Ljouwert is nei alle gedachten kommen troch in loazing út in smoarchwettertank fan in rûnfeartskip dat faak by it swimstrân delkomt. Troch de besmetting waard der ôfrûne tongersdei in swimferbod ynsteld.

De provinsje en giet der fan út dat it om in ynsidint giet. Moandei wurde der wer nije meunsters nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)