Oarsaak omslaan skip riedsel

11 aug 2008 - 12:16
  • Moandei waard begûn mei it bergingswurk

It is grut riedsel foar eigner Heuvelman-Ibis hoe´t it baggerskip Zwartemeer sneintemiddei omslaan koe op de Wide_Ie by Burgum. It skip wie krekt fan de werf ôf en foldie oan alle easken. Sneintemiddei is it skip nei alle gedachten troch de hurde wyn omslein. Ut it skip is ek diseloalje yn it Prinses Margrietkanaal lekt. Hoefolle krekt is net dúdlik.

Moandei wurdt sjoen hoe´t it skip burgen wurde kin. Dêr is noch oerlis oer mei de fersekerder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)