Oarsaak brân noch net dúdlik

09 jun 2013 - 12:16

Der is oan de ein fan sneintemoarn noch gjin dúdlikens oer de oarsaak fan de brân oan de Saturnus op It Hearrenfean. Yn earste ynstânsje waard der fan útgong dat de brân yn in frachtauto begûn wie. Letter waard tocht dat it yn in papierkontener dêrneist wie. De brânwacht giet der no dochs fan út dat de oarsaak yn de frachtauto sels leit.

De brân sloech oer nei fjouwer oare frachauto's mei libbensmiddels. Alle auto's rekken folslein fernield. In tal konteners gie yn ek flammen op.

De brân wie tusken de gebouwen fan it distribúsjesintrum fan de Lidl en transportbedriuw Bakker. Dy gebouwen koene troch de brânwacht sparre wurde. Ynwenners fan it sintrum fan It Hearrenfean waarden oproppen ruten en doarren ticht te hâlden fanwege de reek dy't frijkaam. De oprop waard om in oere as healwei tolven wer ynlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)