Oarsaak brân noch net bekend

10 sep 2010 - 16:28

De oarsaak fan de grutte útslaande wenningbrân tongersdei op It Hearrenfean is noch altyd net bekend. Wol is dúdlik dat in 63-jierrige bewenner dêrby omkommen is. De brân hat in soad losmakke yn de buert.

De plysje tinkt dat it lestich wurdt de eksakte oarsaak fan de brân te achterheljen, om't it hûs folslein útbaarnd is. It ûndersyk giet wol gewoan troch. Nije wike hopet de plysje mear te witten. De melding fan de brân wie tongersdei om 16.30 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)