Oarsaak brân McDonalds ûndúdlik

24 okt 2005 - 17:41

It bliuwt ûndudlik wat de brân by it McDonalds-restaurant yn Goutum feroarsake hat. Technysk ûndersyk fan de plysje hat neat konkreets opsmiten oer de oarsaak. Dúdlik is wol dat de brân ûntstien is yn de opslachromte foar smoargens, tichtby de keuken.

De McDonalds by Goutum baarnde ferline wike folslein ôf. De skea rint yn 'e tonnen. De eigner is fan doel om op itselde plak gau wer in nij restaurant del te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)