Oarsaak brân Ljouwert ûndúdlik

19 jun 2014 - 16:27
  • Kyo nei de brân

De plysje wit noch hieltyd net hoe't de brân boppe sushirestaurant Kyo oan it Ruterskertier yn Ljouwert woansdei ûntstien is. De technykse resjerzje is dwaande mei it ûndersyk. By de brân rekke nimmen ferwûne.

It fjoer ûntstie yn in wenning boppe it restaurant. Under buertbewenners giet it ferhaal dat der wat mis wêze soe mei de fentilaasje, mar dêr wol de plysje noch neat oer sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)