Oarsaak brân hûs net bekend

12 jan 2007 - 12:01
  • De brânwacht oan it neiblussen oan 'e Fok

De oarsaak fan de brân tongersdei yn in hûs oan De Fok op It Hearrenfean is noch net bekend. It ûndersyk giet freed fierder. De plysje kin net befestigje dat de brân ûntstien wêze soe troch in elektryske tekken.

De stifting Salvage hat foar tydlike húsfesting foar de dupearre bewenners soarge. De brân ûntstie op de boppeferdjipping fan it hûs. Fjouwer minsken hienen lêst mei sykheljen. Ien moast in nacht yn it sikehûs bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)