Oarlochsskûlplak fûn

03 maaie 2010 - 15:41
  • De tagong ta it skûlplak is oan de krappe kant....

Yn Frjentsjer is, by it ferbouwen fan in souderromte, in skûlplak út 'e Twadde Wrâldoarloch ûntdutsen. It skûlplak is yn 'e lêste oarlochswinter makke. De souder boppe de âlde skilderswurkpleats Ald Keatsfjild 13 wie jierrenlang tichtspikere.

By it ferbouwen fan de souder ta in appartemint waard it skûlplak fûn. It is yn de lêste oarlochswinter brûkt troch twangarbeiders dy't fuortrûn binne. De eigner fan it hûs wol it skûlplak bewarje as oarlochsmonumintsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)