Oarlochsmonumint Makkum fuort

02 apr 2008 - 09:53
  • dit is de plakette...
  • ...en dit is de lege sokkel

It oarlochsmonumint oan de Krommesloot yn Makkum is fuort. It monumint is yn 1980 oprjochte foar de bruorren Van den Berg en is al in moanne fuort. It giet om in houten peal mei dêrop in brûnzen plakette.

De bruorren ha yn de oarloch in soad Makkumers frijkocht mei drank en rikke iel en sa rêden fan de dea. De gemeente wit net wêr't it monumint is. It is mei geweld fuorthelle. De gemeente docht der ûndersyk nei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)