Oarlochsmonumint foar De Pein

25 apr 2010 - 13:47
  • Anne Woudwyk op it plak dêr't it monumint komt

Op befrijdingsdei wurdt yn De Pein in betinkingsmonumint foar omkommen piloaten út de Twadde Wrâldoarloch ûntbleate. Boppe De Pein kamen tsien alliearde fleaners om it libben doe't Dútse jachtfleantugen twa Ingelske bommewerpers delhellen.

Net alle ynsittenden kamen om it libben, in pear soldaten waarden troch it ferset ûnderbrocht. Ien fan har, luitenant James McGahee, hopet by de ûntbleating te wêzen. It monumint is makke troch Anne Woudwyk en syn dochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)