Oarlochsguod op ynbringdei

10 okt 2014 - 16:37
  • Materiaal út de Earste Wrâldoarloch

De earste Fryske ynbringdei foar guod út de Earste Wrâldoarloch hat freed tsientallen bysûndere foto's, dokuminten en foarwerpen opsmiten. It guod koe brocht wurde by Tresoar yn Ljouwert.

Doel fan de ynsammeling is om der foar te soargjen dat de skiednis fan Fryslân yn de Earste Wrâldoarloch digitaal fêstlein wurdt. De foto's en dokuminten wurde by Tresoar ynskand en opslein yn in grutte ynternasjonale database.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)