Oarlochsguod nei Fersetsmuseum

03 maaie 2012 - 22:05

De ynbringsaksje fan it Frysk Fersetsmuseum hat tongersdei û.o. in sabel út Nederlânsk-Indië en in komplete brievewikseling út de Ljouwerter finzenis opsmiten. Yn totaal 35 donateurs kamen op de spesjale dei, om guod út de twadde wrâldoarloch yn te leverjen, ôf.

Ferline jier waard de dei ek hâlden en doe kamen der safolle minsken op ôf dat it museum it kwalik oan koe. Dit jier wie it wat rêstiger, mar dochs is it museum tefreden mei de opbringst. It ynbrochte guod sil no neier ûndersocht wurde en it moaiste krijt in plakje yn it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)