Oarlochseksposysje yn Antonius

27 apr 2011 - 15:18

Net in soad minsken sille witte dat it Antonius-sikehûs yn Snits yn de Twadde Wrâldoarloch skûlplak west hat foar joadske ûnderdûkers. Woansdei is in eksposysje iepene oer dat bysûndere oarlochsferhaal.

Yn de eksposysje `Het Sint Antonius in oorlogstijden' is materiaal út it sikehûsargyf te sjen dat noch nea fertoand waard, lykas foto's út de Twadde Wrâldoarloch. Gearstaller is de Snitser fotograve Babs Eliasar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)