'Oarloch om ôfskieding Fryslân'

25 nov 2005 - 09:18

Yn Noard-Nederlân is dizze dagen in grutte militêre oefening. Oanlieding is de sabeare ôfskieding fan Fryslân fan de rest fan Nederlân. Militêren moatte de Friezen begeliede by in referindum oer de saak.

Op ferskate plakken koe stimd wurde, mar guon Friezen wolle harren net ôfskiede en fersteure de boel. De reboeljemanlju wurde ek spile troch militêre akteurs. Trijehûndert soldaten dogge oan de oefening mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)