Oarkonde foar technykûnderwiis foar Ljouwerter skoalle

19 nov 2014 - 12:26
  • Bern dogge proefkes
  • De oarkonde wurdt presintearre
  • Oarkonde

De Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert hat woansdei in oarkonde krigen foar it technykûnderwiis op de skoalle. De basisskoalle yn de wyk Aldlân siet tichtby de earste priis, en it fûns dat de trofee útrikt woe de Willem Alexanderskoalle dêrom dochs yn it sintsje sette mei in oarkonde. Derneist hat de skoalle fan TechniekTalent.nu in demopakket krigen, wêrmei't se noch mear technyske proefkes dwaan kinne. It is de bedoeling dat ek oare skoallen yn de omkriten fan de Willem Alexanderskoalle der gebrûk fan meitsje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)