Oargelles op skoalle

25 apr 2006 - 17:37

Bern fan De Spreng yn Drachten krigen tiisdei oargelles op skoalle. Inisjatyfnimmer Stichting Utopa wol dêrmei berikke dat der mear opfolgers komme, benammen foar bespilers fan tsjerke-oargels. Utopa kaam mei in spesjaal boud oargel en in eigen learaar nei de skoalle. Vincent van Leer brocht de bern fan groep 8 de earste beginsels by fan it oargelspyljen. Oargels wurde hieltyd minder populêr by bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)