Oargelist Jan Jongepier stoarn

01 aug 2011 - 11:15

Oargelist Jan Jongepier is ferstoarn. Hy is yn Fryslân foaral bekend wurden as bespiler fan it oargel yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. As saakkundige hat er ek geregeld advys jûn by oargelrestauraasjes en stean der ferskate publikaasjes op syn namme.

Jongepier krige yn 2004 de Sweelinckpriis fanwege syn bysûndere fertsjinsten foar de oargelkultuer yn ús lân. Jan Jongepier krige in healjier lyn te hearren dat er kanker hie. Hy is 70 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)