Oargel Seisbierrum is opknapt

19 mrt 2011 - 12:40
  • Foto: Omrop Fryslân

It oargel fan de Sixtustsjerke yn Seisbierrum is alhiel restaurearre. De tsjerklike gemeente hat der al eefkes fan genietsje kinnen, mar sneontemiddei is it oargel offisjeel yn gebrûk naam.

Neffens oargelspiler Gerrit de Vries fan 'e tsjerke yn Seisbierrum sprekt minsken it symfoanyske lûd fan it oargel bot oan. Boppedat kin der ek hiel goed by songen wurde. De opknapbeurt hat hûnderttûzenen euro's koste. It oargel is boud yn 1766/1767.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)