Oargel Boksum wer by de tiid

08 feb 2013 - 19:14
  • Tsjerke Boksum

It 400 jier âlde tsjerke-oargel fan de Sint Margriettsjerke fan Boksum is wer hielendal by de tiid. De restauraasje duorre twa jier en koste twa ton. It oargel heart ta de fjouwer âldste oargels yn Fryslân. In part fan de 900 oargelpipen is makke troch ûnder oare Harmens Jans fan Berltsum, yn 1675. It oargel is meardere kearen opknapt, mar nei 1918 is der neat mear oan dien. In pear jier ferlyn kaam der gjin lûd mear út de pipen.

Freed naam de eigener fan de tsjerke, de Stichting Alde Fryske Tsjerken, it oargel offisjeel yn gebrûk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)