Oare útjouwer foar streekblêden

07 jan 2004 - 00:00

De streekblêden Aanpakken en Nieuwe Ooststellingwerver fan útjouwerij Van Nieuwenhoven út Noardwâlde wurde oernommen troch útjouwer Boom út Meppel. Boom jout yn Noard-, Midden- en East-Nederlân hûs-oan- hûsblêden út. Yn Easterwâlde giet it om it nijsblêd Stellingwerf.

De trije Stellingwerver kranten bliuwe los fan elkoar bestean. De gearwurking wurdt wol yntensiver. De oername hat gjin gefolgen foar it personiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)