Oare struktuer Flyers

04 mrt 2011 - 13:50

Iishockeyklup Flyers wol de organisaasje fan de klup feroarje. It bestjoer fan de feriening moat dúdliker en it behear fan de finânsjes transparanter wurde. Dat seit Flyers-foarsitter Danny Micola. Gjin bestjoer mear as feriening mar as in bedriuw.

De bedoeling fan de maatregel is ûnder oaren dat sponsors sjen kinne wat der mei harren jild bart en sadwaande minder bang wurde om jild yn de klup te stekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)