Oare regisseur Iepenloftspul

09 okt 2007 - 10:34

De Stifting Iepenloftspul Burgum en regisseur Anny Veenstra geane út elkoar. Se kinne it net iens wurde oer de koers foar de takomst.

De stifting wol tagonklike stikken ha, om mear besikers te lûken. Veenstra hat in oare fyzje. Neffens de stifting kin der dêrom net mear gearwurke wurde en moat der in nije regisseur komme. Veenstra hat trettjin jier de rezjy dien fan de Iepenloftspullen fan Burgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)