"Oare regels nedich foar oanpak reekoerlêst houtkachels"

10 feb 2016 - 10:41
  • Houtkachel

Gemeenten kinne net genôch dwaan oan de oerlêst fan reek út houtkachels. Dat seit de GGD yn Noard-Nederlân yn in reaksje op útlittings troch steatssekretaris Sharon Dijksma fan miljeu. Neffens it ministearje kinne gemeenten mei besteande regels de oerlêst oanpakke, mar de GGD sprekt dat tsjin.

It is oant no ta net ien gemeente slagge om hânhavening fia de rjochter ôf te twingen, seit de GGD. It stellen fan easken oan nije kachels is neffens de GGD ek net genôch, om't it ferfangen fan besteande kachels in saak fan lange termyn is.

Yntusken bliuwt de oerlêst fan besteande gefallen. It Ryk soe dêrom de regels oanpasse moatte, advisearret de GGD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)