Oare provider foar Dis-klanten

03 mrt 2008 - 13:33

Klanten fan it fallite ynternetbedriuw Dis Hosting op It Hearrenfean kinne no ynternet krije fan it bedriuw Real Hosting yn Heemskerk.

Kurator Van der Meulen fan 'e Jouwer hat it klantebestân oan Real Hosting jûn om der foar te soargjen dat bedriuwen en organisaasjes net sûnder ynternet komme te sitten. Dit is net hielendal slagge, want de sites fan Waterstad en de gemeente Hearrenfean dogge it noch hieltiten net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)