'Oare opset It Fryske Boek'

06 sep 2008 - 12:34

De organisaasje fan stifting It Fryske Boek moat oars opset wurde. Dat jildt ek foar de sutelaksje. Der is krityk op de wize wêrop't ien en oar al jierren giet. Fierder is de organisaasje te kwetsber. It wurdt bygelyks hieltyd dreger om frijwilligers te finen.

Dat sei foarsitter Geersing fan stichting It Fryske Boek freedtejûn by de iepening fan de sutelaksje. Takom jier feroaret der noch neat. Dan wurdt it 75-jierrich bestean fierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)