Oare oanpak ferslaafden helpt

26 jan 2002 - 00:00

De hurde oanpak fan swalkers en drugsferslaafden yn it sintrum fan Ljouwert docht fertuten. Sûnt 1 septimber rint it projekt Versnelde Afhandeling Verslaafden. Dêrmei krije se net in boete mar fuort in oprop foar de rjochter.

De plysje hat 170 kear optreden, foaral op De Tuinen en de Weaze barde dat. Swalkers en ferslaafden wolle dat gemeente en plysje foar ûnderdak soargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)