Oare oanpak Antillianen

31 aug 2010 - 21:39

Wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert makket him noch altyd soargen oer in ploech Antillianen dy't net op it rjochte paad te krijen is. It giet dan om in groep fan hûndertfyftich jongeren dy't wurkleas binne en de kriminaliteit yngeane.

Neffens Florijn wurdt der strang optreden tsjin dizze groep, mar binne se net ûnder de yndruk fan straffen. Jild en status meitsje mear yndruk. Neffens Florijn moat der dêrom fûler ynset wurde om se oan it wurk te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)