Oare namme Swarte Cross Blije

19 jul 2011 - 18:51

De Swarte Cross fan Blije moat fan namme feroarje. De organisaasje fan de Zwarte Cross yn de Achterhoek freget dat fan de Blijers, omdat dy de namme registreard hat. De Zwarte Cross yn Lichtenvoorde is útgroeid ta ien fan de grutste festivals fan it lân en luts dit wykein mear as 150.000 besikers. De Blijsters hawwe noch gjin oare namme, mar der sil oar jier gewoan wer crosst wurde. De lêste 'Swarte' cross fan Blije is 20 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)