Oare ferwachting Meteoconsult

24 des 2010 - 09:44

Waarynstitút Meteoconsult hat syn ferwachtingen oer strange froast foar de kommende wike bot bysteld. Earder fan 'e wike helle direkteur Harry Otten fan Meteoconsult it nijs mei syn foarsizzing dat der kommende wike in Alvestêdetocht hâlden wurde koe. Hy ferwachte doe nachten mei mear as tsien graden froast.

Meteoconsult hâldt de temperatueren foar de kommende dagen en nachten no op om it friespunt hinne oerdeis. Nachts friest it mar in pear graden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)