Oare boattiden Skiermûntseach

05 des 2011 - 11:27
  • Fearboat Skiermûntseach

Wagenborg fiert snein in nije tsjinstregeling yn foar de oertocht tusken Lauwerseach en Skiermûntseach. Tenei fart de boat om de trije oeren. Op wurkdagen is der deis fiif kear in boat fan Lauwerseach nei Skiermûntseach en werom. Dat wie fjouwer kear. Mar yn de simmermoannen wurdt it tal ôffearten fan seis ferlege nei fiif.

De lêste boat út Lauwerseach en fan it eilân giet in oere letter as yn de âlde tsjinstregeling. Foar in groep wurkforinzen kin dat min útpakke. Se kinne no pas om healwei sânen werom nei Skiermûntseach. Dat wie in oere earder. It ferieningslibben soe dêrfan te lijen hawwe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)