'Oare bestimmingen tsjerken'

03 jul 2014 - 19:29

In groep jonge arsjitekten wol kreative bestimmingen jaan oan leechsteande tsjerken. Neffens arsjitekte Nynke Rixt Jukema wurdt der meastentiids foar tradisjonele oplossings keazen. Jukema jout lieding oan in groep fan fjouwer arsjitekten dy't opmerklike ideeën ha.

Der wurdt bygelyks tocht oan in swimbad yn in eardere tsjerke. De kâns dat de plannen fan de jonge arsjitekten trochgean is foarearst net hiel grut. Se wolle benammen berikke dat der minder bekrompen tocht wurdt oer de nije ynfolling fan tsjerken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)