Oare auto foar âld papier

18 des 2005 - 13:58

De Harnzer Arie Oldenburg kin wer âld papier ophelje foar de stêdelike muzykferiening. Oldenburg hat in oare auto krigen nei bemiddeling fan de gemeente. Ein novimber krige Oldenburg mei syn papierauto in ûngelok. Troch in glêde dyk rekke hy yn de slip en bedarre tsjin in beam.

De gemeentlike plantsoenetsjinst hat krekt in nije auto kocht. Dizze is no, nei bemiddeling fan wethalder Waaijer, trochferkocht oan de muzykferiening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)