Oardiel rjochter oer brânmerk

24 feb 2006 - 11:27

De rjochter yn Ljouwert moat meikoarten besjen oft it brânmerken fan hynders no wol of net mei. In ynwenner fan Terwispel (46) hat hjir in prinsipesaak fan makke. Hy lit de saak op 8 maart foarkomme.

Twa jier lyn hat hy ien fan syn Fryske hynders in brânmerk jûn, wylst er wist dat soks net mei. Mei de rjochtsaak besiket er omtinken te freegjen foar syn beswieren tsjin it ferbod op it brânmerken fan hynders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)