Oarder foar Van der Heide

04 jun 2007 - 11:54

It Kollumer bedriuw Van der Heide Bliksembeveiliging hat in grutte oarder krigen. It giet om wurk oan in ûnderseeske heechspanningskabel fan Nederlân nei Ingelân.

It Kollumer bedriuw is belutsen by de bou fan de saneamde converter-stasjons oan beide kanten fan de kabel. It giet om in opdracht fan 3 miljoen euro. Earder wie Van der Heide belutsen by de oanlis fan inselde kabel nei Noarwegen ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)