Oar wurk yn Pander-museum

27 apr 2011 - 12:41

Yn it Pier Pander Museum yn de Prinsetún yn Ljouwert meie no ek oare keunstners har wurk eksposearje. De erven fan Pier Pander hawwe no tastemming jûn ek oar wurk ta te litten. Doel is om mear besikers te lûken nei it museum, dat allinnich simmers iepen is.

Op 1 juny iepenet it museum de doarren wer. Dan is der, neist it wurk fan Pier Pander, ek wurk te sjen fan byldhouster Eja Siepman van den Berg fan Beetstersweach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)