Oar wurk finzenismeiwurkers

22 aug 2007 - 16:48
  • It personeel fan de Blokhûspoarte is wer ûnder de pannen

Alle meiwurkers fan finzenis Blokhûspoarte hawwe oar wurk krigen by justysje yn de regio. De gemeente Ljouwert hie de hope útsprutsen dat sy oan de slach koene by de Marwei, de oare finzenis yn de stêd. Dy soe dan útwreidzje moatte. Dat is foarearst net it gefal.

Der wurdt noch wol socht nei kompinsaasje fan de sellekapasiteit dy't ferlern gie. Justysje besjocht ek wat der mei it gebou barre moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)