Oar wetter yn Noardwest-Fryslân

08 apr 2006 - 12:40

Wetterbedriuw Vitens ferfangt takom wike in part fan de grutste transportlieding fan Fryslân. It giet om in stik fan 150 meter by Snits. Dat leit yn it paad fan de nije rûnwei om dy stêd hinne. Omt de dyk der oer hinne komt te lizzen moat de leiding oan strangere easken foldwaan.

It oanpakken fan de wetterleiding betsjut dat in lytse 100.000 húshâldings yn Noard- en Súdwest- Fryslân tydlik oar wetter krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)