"Oar premierskip mei Cohen"

20 jan 2003 - 00:00

As Job Cohen de nije premier fan Nederlân wurdt, sil dy funksje in nije ynfolling krije. Dat ferwachtet sekretaris Van den Berg fan it gewest Fryslân fan de PvdA. Snein waard bekend dat boargemaster Cohen fan Amsterdam de PvdA-kandidaat is foar it premierskip.

It gewest Fryslân is posityf oer de kandidatuer fan Cohen. Cohen hie him út de polityk weromlutsen fanwege de sykte fan syn frou. Van den Berg ferwachtet dêrom in oar soarte premierskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)