Oar plak Vijverfeest

19 nov 2012 - 18:59

Gemeente Gaasterlân-Sleat ropt de jongerein op om mei te tinken oer in alternatyf plak foar it Vijverfeest. Alle jierren fiere sawat trijehûndert minsken op Keniginnedei harren afterparty yn it Elfbergenbosk yn Aldemardum. Neffens de gemeente jout it feest oerlêst en skea. Dêrom moat it tenei op in oar plak.

Op de sosjale media docht de gemeente in oprop oan jongeren om mei te tinken oer in nij plan foar it feest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)