Oar ljocht op It Hearrenfean

18 okt 2010 - 14:40
  • Grien ljocht yn it bûtengebiet fan 'e gemeente Hearrenfean

Hearrenfean is dwaande om de gemeente oars te ferljochtsjen. Dat bart no bygelyks yn Skoatterwâld, mar ek op oare plakken wurd besocht om jild te besparjen en ljochtfersmoarging tsjin te gean. Dêrom organisearret Hearrenfean mei Assen en Grins de Light Challenge. De gemeenten wolle sjen wat yn wenwyken dien wurde kin.

De Valeriaan op It Hearrenfean is de strjitte dêr't de studinten oan de slach moatte. As se echt skoare wolle is it ûntwerp ek noch keunstsinnich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)