'Oar jild foar probleemwiken'

08 aug 2007 - 14:29

De oanpak fan probleemwiken yn grutte stêden moat net mei jild fan Fryske wenningboukorporaasjes barre, fynt de FNP. De partij is bang dat de korporaasjes tefolle jild opbringe moatte.

Minister Vogelaar hat 40 probleemwiken oanwiisd en in oanpak fan 3 miljard euro betocht. Dat jild moat by boukorporaasjes weikomme. De FNP is bang dat dêrtroch oare ynvestearrings net trochgean kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)