Oar doel Franeker Stadsschoon

02 jan 2012 - 16:37

De stichting Franeker Stadsschoon hâldt op mei it oankeapjen en restaurearjen fan monumintale gebouwen yn de gemeente Frjentsjerteradiel. De stichting bestiet 30 jier en hat tal fan wenten yn Frjentsjer en Achlum opknapt. De stichting fynt it yn dizze tiid in te grut risiko om noch huzen oan te keapjen.

De stichting sil him no talizze op it fergees advisearjen fan partikulieren dy't in monumint opknappe wolle en yn guon gefallen kin ek wat jild skonken wurde foar bysûndere saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)