Oar behear foar De Helling

29 aug 2001 - 00:00

Kultureel sintrum De Helling op De Lemmer moat oars beheard wurde as no bart. De stichting hat te min jild om it pân te eksploitearjen en siket in partner. Der is in kandidaat foar it hoarekapart. Hy soe dêr ek eigner fan wurde.

De gemeenteried is benaud dat it kulturele program ûnder sa'n kommersjele konstruksje lijt. Dat is net de bedoeling neffens de stichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)