Oanwizings oer dea Burgumer

20 apr 2010 - 15:03

De plysje hat sterke oanwizings dat de dea fan Redmar Smedema te krijen hat mei spannings tusken groepen jongerein út de doarpen Burgum, Koatstertille, Damwâld en De Westereen. Wêr't dy spannings út bestean wit de plysje net, mar se roppe minsken op om dêroer mei ynformaasje te kommen.

Deselde nachts is de 20-jierrige Gerard Dijkstra út Damwâld ek slim ferwûne rekke. Hy waard bewusteleas fûn op de iepenbiere dyk foar Club Q. Syn tastân is tige krityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)