Oanwinst foar Ryksargyf

17 feb 2001 - 16:56

It Ryksargyf yn Ljouwert hat in bysûndere kolleksje krigen fan houtymportbedriuw Hubert Jans út Harns. It giet om in frij folslein, geef argyf.

Mei de oerdracht is in wichtige boarne foar ekonomyske en maritime skiednis feilich steld. It argyf hat in omfang fan 45 meter en beslacht de perioade 1816-1970. Jans is it âldste bedriuw fan Harns en hat oeral saken dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)