Oanwinst foar Brandsma-museum

20 sep 2004 - 17:13

It Titus Brandsma-museum yn Boalsert is moandei yn it besit kommen fan in bysûnder stik hânwurk. Keunstneres Clara_Mous-Damsma fan Toronto yn Kanada skonk in kwilt mei dêrop in ôfbielding fan Titus_Brandsma.

Kwiltsjen hat te krijen mei it oan inoar naaien fan allegear lapen en laapkes stof. Frou Mous (78) komt fan oarsprong út Jirnsum. Se ferhuze 56 jier lyn nei Kanada en wie as famke al ûnder de yndruk fan Brandsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)