Oantinkens oan V2-raket

24 feb 2005 - 14:45

Belangstellenden koene woansdeitejûn herinnerings ophelje oan de V2-raket by ynfosintrum Mar en Klif yn Aldemardum. Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden de bommen út 'e bosk fan Riis wei lansearre. Goed santich giene rjochting België en Ingelân.

In soad tsjûgen hawwe de lansearrings meimakke en koene yn it ynfosintrum harren ferhaal kwyt. Mar en Klif sil de ferhalen bondelje yn in boekje oer de V2-raket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)