Oantinken op begraafplak

24 feb 2009 - 23:54

De resten fan de minsken dy't ieuwenlang begroeven lein ha op it Ljouwerter Aldehoustertsjerkhôf, krije in nij oantinken op it Noarderbegraafplak. Keunstner Gerrit Terpstra út Heech makket yn opdracht fan de gemeente in oantinken. Fanwege de bou fan de parkearkelder by de Aldehou binne de oerbliuwsels dy't fûn binne yn de boaiem oerbrocht nei it Noarderbegraafplak. It wurk mei 30.000 euro kostje en moat foar de simmer klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)